NieuwsVoorstelling

Hé Buorman

By 30 oktober 2016 No Comments

Klún Knoffelhakke - He BuormanDorpsbelang Exmorra organiseert de voorstelling “Hé Buorman” van het theaterduo Klún & Knoffelhakke op zaterdag 19 november om 20.00 uur in Dorpshuis ’t HONK in Exmorra. De entree bedraagt € 5,00.

Jo kinne dat wol. In buert fol gesellige minsken. Oh sa meiinoar… Buertjûnen, barbeques, doarpsfeesten en gean sa mar troch. Wat kin it noflik wenjen wêze op sa’n buert. Mar is it altiten wol sa gesellich?Klaas en Jehannes libje njonken elkoar. As is it achterelkoar? Bytiden witte se it sels net iens, want harren libben bestiet út it tsjin elkoar harsenskrabjen oer fan alles en noch wat. As der dan ek noch in nuveraardich persoan delstrykt yn harren buertsje, dan is it feest hielendal kompleet… no ja, feest?Hé Buorman! is alwer de sânde sjo fan it Hantumer teaterduo. Al sa’n 20 jier witte se oeral dêr’t se komme de fleur deryn te hâlden. Ek mei dit nije programma sil dat fêst wer slagje, want dat is it duo harren doel: de minsken in noflike jûn besoargje. Lekker laitsje..